Fuort mar los siket spilers en ynstekster/regy assistint!

Dêrom in oprop foar alle minsken dy’t graach noch ris spylje wolle en nocht ha om mei in leuke groep in prachtich stik del te setten. Der binne moaie roltsjes by, geskikt foar jong en âld. Underfining as noch nea op’e planken stien, elk is wolkom. Ha jo belangstelling as fragen? Nim kontakt op mei […]

Keatskes: 18-09-2016

It ‘lêste’ keatswykein fan 2016 mei de Oldhove-partij op sneon, foar de wylde Kippetjespartij fersetten, en sneins dienen fansels ferskate Eastereinder keatsers mei oan de…

09-09-2016 – Nachtkeatsen jongerein

Priiswinners nachtkaatsen jongerein   Welpen A-maten 1e priis Lyset Sijbesma 2e priis Ridzert Veldman 3e priis Jesper Paauw   B-maten 1e priis Jorrit Stap 2e…

Disco groep 7 en 8 yn de Tsjerne

It winterseizoen is ek wér los yn jeugdhonk “de Tsjerne”. Kommende sneontejûn 1 oktober is der in disco foar de bern fan groep 7 en 8 fan de légere skoalle. Se binne wolkom fanôf 19.00 oere en it duorret oant goed 23.00 oere.

Workshop blomskikken yn Teakjes túnhûs

Op woansdei 26 oktober is der in workshop blomskikken in Teakjes túnhûs. Under lieding fan Nynke Elzinga fan “bloemen en zo” út Slappeterp wurd der in prachtige Hjerst-taart makke. De kosten binne € 25,00. Dit is inkl. kosten materiaal foar de hjersttaart en kofje mei wat lekkers. Opjaan graach foar freed 21 oktober fia de website […]

Wy binne los! (Jongereintoaniel)

De repetysjes foar it jongereintoaniel fan Fuort mar los binne begongen. Dit jier ha sich in hiel soad spilers oanmelden: 19 bern út Easterein en Itens dogge mei! Se spylje de musical ‘Heksen’. Heksen is basearre op it ferneamde boek fan Roald Dahl. It ferhaal giet oer Lieke dy’t tegearre mei har pake op fakânsje […]

Pjutteboartersplak ‘De Poaskepôlle’ fan Easterein op ‘e nij sertifisearre as ‘pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling’

Pjutteboartersplak De Poaskepôlle wurket sûnt 2005 mei in twatalich belied. Yn 2010 hawwe sy dêr it sertifikaat ‘pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling’ foar behelle. Dat hâldt yn dat sy mei in tal rjochtlinen wurkje en sa de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern stimulearje. Bern dy’t fan jongs ôf twatalich opgroeie, kinne letter bygelyks makliker nije talen […]

Michel grutte winner fiskwedstriid fûgelwacht Easterein

Mei 58 fisken yn 1,5 oeren tiid is Michel op snein 25 septimber de grutte winner wurden by de senioren tidens de fiskwedstriid fan fûgelwacht Easterein. Ruben hie by de kategorie jeugd de measte fisk. Hy wist 11 fisken út de Skippersbuorren wei te heljen. De priis foar de grutste fisk wie foar Rutger by […]

Slottoernooi TV Smash op 8 oktober

Het Smashtoernooi zit er weer op en de najaarscompetitie is weer begonnen. Het slottoernooi was in eerste instantie ingepland op 24 september, maar doordat de tennislessen dan nog niet ten einde zijn en het weer zich de laatste jaren in september en oktober van zijn goede kant laat zien, is het slottoernooi verplaatst naar zaterdag […]

Blues Cruise Easterein by Noflik mei The Harmaniacs

De temperaturen lizzen noch boppe de 20 graden en dochs begjint kommende snein de blues cruise winterreeks wér by Noflik Easterein. Bas Kleine en The Harmaniacs traapje it blues cruiseseizoen ôf. It begjint yn de túnseal om 16.00 oeren en de tagong is ek no wér fergees