Pjutteboartersplak De Poaskepôlle wurket sûnt 2005 mei in twatalich belied. Yn 2010 hawwe sy dêr it sertifikaat ‘pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling’ foar behelle. Dat hâldt yn dat sy mei in tal rjochtlinen wurkje en sa de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern stimulearje. Bern dy’t fan jongs ôf twatalich opgroeie, kinne letter bygelyks makliker nije talen leare en se kinne better rekkenje.
De Poaskepôlle heart sûnt koart by de organisaasje KidsFirst. Foar de oername troch KidsFirst wie it twatalich belied fan it boartersplak goed boarge yn de beliedsstikken. KidsFirst stiet hjir ek achter en nimt it twatalich belied oer. Op De Poaskepôlle hâldt it twatalich wurkjen yn dat liedsters Jitske en Janna beide konsekwint Frysk mei alle bern prate. It Nederlânsk hat in plak yn fêste aktiviteiten, lykas sjongen en foarlêzen. Sy wurkje ek mei hânpop Puk, dy’t altyd Nederlânsk praat.
Fan’t hjerst hat der in saneamde fisitaasjekommisje fan Stifting Frysktalige Berne-opfang op it boartersplak west. Sy hawwe besjoen oft der op De Poaskepôlle noch altyd wurke wurdt neffens de rjochtlinen fan it twatalich belied. De kommisje hat konkludearre dat dat sa is en skriuwt yn har ferslach it folgjende: ‘Neffens my is “De Poaskepôlle” der goed yn slagge om de kwaliteit fan it twatalich belied heech te hâlden. It Frysk is de fier- en ynstruksjetaal en hat in natuerlik plak krigen en it Nederlânsk wurdt der passend en natuerlik yn opnaam. Ik ha de liedsters net betraapje kinnen op it trochelkoar heljen en mingen fan beide talen: der wurdt bewust (de liedster fynt it fanselssprekkend) mei taal omgien.’ En: ‘Op grûn fan wat ik dizze moarn op de “Poaskepôlle” meimakke ha, bin ik fan betinken dat it pjutteboartersplak fan Easterein it sertifikaat op ‘e nij dûbel en dwers fertsjinne hat.’