Michel grutte winner fiskwedstriid fûgelwacht Easterein

Mei 58 fisken yn 1,5 oeren tiid is Michel op snein 25 septimber de grutte winner wurden by de senioren tidens de fiskwedstriid fan fûgelwacht Easterein. Ruben hie by de kategorie jeugd de measte fisk. Hy wist 11 fisken út de Skippersbuorren wei te heljen. De priis foar de grutste fisk wie foar Rutger by de âlderen mei 17 cm en Nieka by de jongerein. Sy wist in fisk fan 15.5 cm op de wâl te krijen.

San lyste 70 dielnimmers kamen ôf op dit altiid gesellige festein wat oar jier seker wér in gefolch krijt. Geert hie de rikkerstûne oan foar de reade poon en de iel en Liesbet stie wér efter de bar om de minsken te foarsjen fan in hapke en in drankje. Op snein 23 oktober organisearret de fûgelwacht harren dea aas fiskwedstriid. Mear ynformaasje krije jim hjir noch fan.

wp_20160925_14_43_36_pro   wp_20160925_14_43_07_pro