Fuort mar los siket spilers en ynstekster/regy assistint!

fuort mar losDêrom in oprop foar alle minsken dy’t graach noch ris spylje wolle en nocht ha om mei in leuke groep in prachtich stik del te setten. Der binne moaie roltsjes by, geskikt foar jong en âld. Underfining as noch nea op’e planken stien, elk is wolkom. Ha jo belangstelling as fragen? Nim kontakt op mei Baukje Stavinga 0613105470 info@letterfretter.nl

Wy sykje in ynstekster/regy assistint!

Foar it kommende jier is der ek ferlet fan in ynstekster. Jo binne dan de rjochter hân fan de regisseur en tige belutsen by it toanielstik, de spilers binne faaks hiel wiis mei jo. Koartom in ûnmisbere taak by in toanielfoarstelling. Ha jo belangstelling as fragen? Nim dan ek kontakt op mei Baukje Stavinga op boppesteande telefoannûmer.