De repetysjes foar it jongereintoaniel fan Fuort mar los binne begongen. Dit jier ha sich in hiel soad spilers oanmelden: 19 bern út Easterein en Itens dogge mei! Se spylje de musical ‘Heksen’. Heksen is basearre op it ferneamde boek fan Roald Dahl. It ferhaal giet oer Lieke dy’t tegearre mei har pake op fakânsje giet nei hotel Noflik yn Easterein. Gerke, in gemien en ferwend jonkje, útfanhûzet dêr ek. Èn der binne in hiel soad aaklike, eange heksen dy’t allegear – nee, hast allegear – in hekel oan bern hawwe. It leafst feroarje de heksen alle bern yn mûzen! It wurdt dus gefaarlik foar Lieke en Gerke, mar gelokkich is pake der ek noch…
Set it alfêst yn dyn aginda!
De musical ‘Heksen’ troch jongereintoaniel Fuort mar los
Sneon 4 febrewaris 2017