Ferdivedaasje op freed yn bibleteek
Op 1 desimber is der yn de bibleteek fan Wommels wer ‘Ferdivedaasje op freed’. Dizze kear komt boargemaster Johanneke Liemburg fertellen oer 34 jier Littenseradiel. We begjinne om 16.00 oere mei kofje. Der is tiid foar fragen en om in oere as 17.30 is de ferdivedaasje dien. Jim binne wolkom en it kostet neat.
Let op! Gemeentehûs Littenseradiel iepen oant en mei 15 desimber, dêrnei ticht

Hawwe jo in paspoart nedich, wolle jo in fergunning oanfreegje of oare saken regelje? Dan kinne jo noch oant en mei 15 desimber 2017 om 12.00 oere op it gemeentehûs te lâne. Dêrnei is it allinnich noch foar driuwende saken (lykas oanjefte fan in berte of in ferstjerren) op bepaalde tiden iepen. Ek telefoanysk is […]
Littenseradiel Kultureel Bedriuwen Follybal Toernoai – 7e edysje op 24 novimber 2017

Hatsikidee! Soe ús foarsitter wol sizze! Freed 24 novimber 2017 sil foar ACHTSTE kear it NIJE Littenseradiel Kultureel Bedriuwen Follybal Toernoai hâlden wurde. Wurdt dit fuort de lêste kear? Want Littenseradiel wurdt opdielt en in grut part giet Súd-West-Fryslân! Fansels net de lêste kear. We sette troch mei it F(oarhinne)LKBFT! We hawwe dizze edysje 15 teams […]
Keninklike ûnderskieding foar Dirkje van der Eems – de Haan

Dirkje van der Eems-de Haan (70) is op snein 19 novimber beneamd ta Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Frou Van der Eems set har al 47 jier yn foar it doarpslibben yn Easterein. Neist har drokke funksje by famyljebedriuw Drukkerij Van der Eems hat se har benammen ynsetten foar de tsjerke, it korps en […]
Suprisekonsert: mis it net!

Op snein 19 novimber stiet der wat bysûnders op it programma…. In surprisekonsert yn de Martinitsjerke fan Easterein op fersyk fan de famylje Loor. Dit konsert is benammen bedoeld foar alle ynwenners fan Easterein en minsken dy’t op de ien as oare manier belutsen binne by it doarp Easterein. En it is net ‘samar’ in konsert. […]
Resepsje Ald-Meiers
10 novimber wie de resepsje foar de winners fan de Ald-Meiers Partij. Hjirûnder in foto-ympresje. Ype, Roelie, Jeska, Selma en Danny sitte klear…
Surpriseconcert Easterein

Op zondag 19 november staat er wat bijzonders op het programma….Wij geven een surpriseconcert in de Martinikerk van Easterein op verzoek van de familie Loor. Dit concert is vooral bedoeld voor alle inwoners van Easterein en mensen die op een andere manier betrokken zijn bij het dorp Easterein. En het is niet ‘zomaar’ een concert. […]
Dubbelconcert fanfare in Sint Annaparochie

Op zaterdagavond 18 november is fanfare Wilhelmina Easterein te gast bij Fanfare Burdine uit Sint Annaparochie – Vrouwenparochie. Beide fanfares staan onder leiding van dirigent Pieter Bosma en zullen deze avond een afwisselend programma voor u spelen. Het concert begint om 20.00 uur en is in de Gideonkerk van Sint Annaparochie.
Langeberg Dutch Open Wallball
Takom wykein (11 en 12 novimber) is it Langeberg Dutch Open Wallball yn Frjentsjer. Dit is in ynternasjonaal Wallball toernoai mei ferskillende leeftiids- en nivoklassen. …
In bysûndere tsjinst yn Easterein op snein 12 novimber

Sneintemoarn 12 november sil it Kwartettekoar de tsjinst yn de Martiny tsjerke te Easterein fersoargje mei it sjongstik “Minsken fan de dei”. It kwartettekoar, dêr’t sjongers út de hiele provinsje oan mei dogge, waard oprjochte yn 2006. It doel fan it koar is fernijing te bringen yn it materiaal foar Fryske earetsjinsten. It koar stiet sûnt […]