Hatsikidee! Soe ús foarsitter wol sizze!
Freed 24 novimber 2017 sil foar ACHTSTE kear it NIJE Littenseradiel Kultureel Bedriuwen Follybal Toernoai hâlden wurde.
Wurdt dit fuort de lêste kear? Want Littenseradiel wurdt opdielt en in grut part giet Súd-West-Fryslân! Fansels net de lêste kear. We sette troch mei it F(oarhinne)LKBFT! We hawwe dizze edysje 15 teams ree fûn om de sportive, ûntspannende en ynspannende striid oante gean mei oare leafhawwers barren! We begjinne 24-11-2017 om 19.30 oere!
Deselde groep entûsjaste minsken út ferskate sportrûnten fan de Gemeente Littenseradiel dy dit toernoai, ûnder de flagge fan follybalferiening COVOS Easterein, opsetten ha, steane wer klear om jimme te ûntfangen! Doel is om mei in sûne miks fan ynspanning en ûntspanning in moaie ynfolling oan dizze jûn te jaan. Doel is om de bal ‘sprekke’ te litten mei yn de holle de olympyske gedachte ‘meidwaan is wichtiger as winne’.
Kom op 24 NOVIMBER 2017 nei Sporthal De Greidhoeke yn Easterein en genietsje fan de wille fan de dielnimmers oan it LKBFT!
De Kommisje
Twitter: @covoseasterein (#lkbft)