Hawwe jo in paspoart nedich, wolle jo in fergunning oanfreegje of oare saken regelje? Dan kinne jo noch oant en mei 15 desimber 2017 om 12.00 oere op it gemeentehûs te lâne. Dêrnei is it allinnich noch foar driuwende saken (lykas oanjefte fan in berte of in ferstjerren) op bepaalde tiden iepen. Ek telefoanysk is de gemeente net mear berikber nei 15 desimber.
Weryndieling
Troch de weryndieling mei yngong fan 1 jannewaris 2018 is it nedich dat it gemeentehûs ticht is, om’t der ferskate saken en systemen oerset wurde moatte nei trije nije gemeenten. Let dus goed op as jo noch wat nedich hawwe fan de gemeente. Hjirûnder sette we in tal wichtige saken op in rychje. As jo dat goed trochlêze en der yn it foar rekken mei hâlde, komme jo net foar in tichte doar of sûnder paspoart te sitten.
Reisdokuminten en rydbewizen: oanfreegje oant en mei 13 desimber 16.00 oere
Paspoarten, identiteitskaarten en rydbewizen kinne oant en mei 13 desimber 2017 16.00 oere oanfrege wurde. We meitsje dan in ôfspraak mei jo oer wannear’t jo de troch jo oanfrege dokuminten ophelje kinne.
Boargerlike stân
It gemeentehûs is ticht fan 15 desimber, 12.00 oere ôf. Wol is it mooglik om oanjefte te dwaan fan berte of ferstjerren yn de wiken tusken 16 desimber en 31 desimber 2017. Dat kin op:
- moandei 18 desimber tusken 10.00 en 11.00 oere
- tiisdei 19 desimber tusken 10.00 en 11.00 oere
- woansdei 20 desimber tusken 10.00 en 11.00 oere
- freed 22 desimber tusken 10.00 en 11.00 oere
- woansdei 27 desimber tusken 10.00 en 11.00 oere
- freed 29 desimber tusken 10.00 en 11.00 oere
Oare saken kinne dan net oanfrege of regele wurde. Dat kin net earder wer as nei 1 jannewaris yn jo nije gemeente.
Online oanfragen boargersaken
Oant 1 desimber 2017 is het mooglik om online saken te regeljen. Nei dy datum moatte jo nei it gemeentehûs of belje tidens de spesjale iepeningstiden fan boargersaken. It giet dan bygelyks om in oanfraach foar in ferhuzing of houlik. In houlik of partnerskip slute yn Littenseradiel kin oant uterlik 14 desimber. Jo moatte dan wol uterlik twa wike dêr foar yn ûndertrou gien wêze.
Online formulieren
Online formulieren, lykas lyts leed, binne net mear beskikber fanôf begjin desimber. Jo kinne noch wol oant en mei 15 desimber terjochte op it gemeentehûs foar de saken dy’t jo mei online formulieren regelje kinne.
Fergunningen
Fia omgevingsloket.nl kinne jo in omgevingsfergunning of wetterfergunning oanfreegje. Dat giet gewoan troch, ek nei 15 desimber. Wol is it mooglik dat it ferwurkjen fan de oanfraach wat mear tiid freget. As dat sa is, wurde jo dêr fan op de hichte brocht. Hâld dus wol yn it foar rekken mei in mooglike langere ferwurkingstiid as gebrûklik. In APV-fergunning wurdt oant en mei 14 desimber ôfhannele troch de gemeente Littenseradiel. Wat net ôfmakke wurde kin, wurdt oerdroegen oan de nije gemeente. Oanfragen dy’t tusken 15 desimber en 31 desimber 2017 binnen komme en dy’t gjin spoed hawwe, wurde troch de nije gemeenten behannele.
Kalamiteiten
By in needsituaasje of kalamiteit belje jo fansels 112. Mar ek de gemeente hat in kalamiteitenûmer. Dat kinne jo brûke as jo oerlêst hawwe troch bygelyks in oerstreaming fan in strjitte of as jo in gefaarlike situaasje konstatearje op of oan gemeentelike eigendommen. Foar oare saken kinne jo dit nûmer net belje. It kalamiteitenûmer is 06 51 16 13 55.