Suprisekonsert: mis it net!

Op snein 19 novimber stiet der wat bysûnders op it programma…. In surprisekonsert yn de Martinitsjerke fan Easterein op fersyk fan de famylje Loor.

Dit konsert is benammen bedoeld foar alle ynwenners fan Easterein en minsken dy’t op de ien as oare manier belutsen binne by it doarp Easterein. En it is net ‘samar’ in konsert.

Mear kinne en wolle wy der net oer sizze. Dat it bysûnder wurdt, dat is foar ús wol dúdlik!

Mis it dus net en kom allegearre nei de Martinitsjerke yn Easterein om 15.30 oere. De tagong is fergees.