Sneintemoarn 12 november sil it Kwartettekoar de tsjinst yn de Martiny tsjerke te Easterein fersoargje mei it sjongstik “Minsken fan de dei”. It kwartettekoar, dêr’t sjongers út de hiele provinsje oan mei dogge, waard oprjochte yn 2006. It doel fan it koar is fernijing te bringen yn it materiaal foar Fryske earetsjinsten. It koar stiet sûnt de oprjochting û.l.f. Hindrik van der Meer út Jorwert.
It koar wurket yn lytse groepen mei oan tal fan earetsjinsten, en sjongt foar en mei de tsjerkegongers.
“In mins wurdt op de ierde set
Hy wit syn eigen wei noch net
Taal noch teken hat er jûn
mar syn skiednis is begûn.
Sa begjint it earste liet fan it sjongstik “Minsken fan de dei”.Wa binne wy? Wat wolle wy? Wat foar doel ha wy? Sykjende wei giet in bern op paad.
Soms moat er tûzen wegen gean
Wol er in paad fine om fierder.
Yn ús libben kinne wy net sûnder leafde, in leafde sa as dat beskreaun stiet yn 1 Korintiërs 13. Eppie Dam hat hjir prachtige lietteksten en gedichten oer makke. Dizze gedichten hat Hindrik van der Meer op muzyk setten. Sa is it in prachtich stik wurden.
Op 12 novimber komt it kwartettekoar mei sa’n 20 sjongers. Ek wurkje der in oantal geweldige muzikanten oan de tsjinst mei.