In nij jaske en mear…

Hawwe jimme de griene briefkes hingjen sjoen? Noch 5 dagen….. noch 3 dagen…… noch 1 dei…….. En jaaaaaaaaaaaaaaa! Us fernijde website is online! Sa’t jimme sjogge hat de website fan Easterein in nij jaske! It sjocht der allegearre wat moaier út (fine we sels dan). Mar der is mear nij:

De Sneupskuorre

De Sneupskuorre oan de Skippersbuorren ,  ien fan de winkels dy der noch is yn Easterein. It is ek in hiel bysûndere winkel want sa binne bygelyks de iepeningstiden ôfhinklik fan de nocht  fan de eigenaar en derneist moat it ek noch moai waar wêze!  Mar gjin noed as je dôchs graach efkes sjen wolle […]

Marije Brouwer yn finale Frysktalig sjongfestival “SJONG”

Marije Brouwer docht mei oan Sjong! In Frysktalich songfestival foar jongeren tusken de 12 en 18 jier. De kandidaten moatte mei in eigen Fryske tekst op in besteand ferske in nij nûmer meitsje. Marije sjongt mar spilet derby ek noch sels gitaar. Se is troch de foarrondes en hat no in eigen filmke op youtube […]

Renovaasje Jeu de Boulebaan

Op dit stuit wurdt de jeu de boulebaan fan JdB feriening “Deun By” renovearre. Der wurdt in nije gravellaach oanbrocht en der kin no fan beide kanten of bouled wurde. Oant moandei mei der niet ien op de baan komme oars giet de underlaach stikken. Als de baan klear is mei de sporters der ek […]

KNKB: Partoeren froulju

By de partoerenpresentatie yn Frjentsjer wie de groepsfoto fan alle frouljuspartoeren net moai slagge. Op inisjatyf fan Henk Hempenius (fotograaf en ferslachjouwer fan it frouljuskeatsen)…

KFE: Noch gjin waar…

Fannejûn wie it de kompetysjejûn, mar it wie striemin waar. Wilma Sjaarda wie wol op it fjild en koe dizze ‘bikkels’ op de plaat fêstlizze!

Zwem 4-daagse opbringst tsjin ALS

Zwembad de Klomp 4 Tour du ALS  Met dit bericht willen we uw aandacht vragen voor de zwem4daagse bij zwembad de Klomp die in het teken van de strijd tegen de spierziekte ALS komt te staan. Jildou Stapersma uit Wommels heeft een tante met ALS. Zij heeft besloten met een team de Mont Ventoux te beklimmen om […]

Ouder-enquete 2013

CBO de Greiden, it oerkoepeljend orgaan fan it primair underwiis yn de gemeentes Sûdwest-Fryslân en Littenseradiel en de basisskoalle de Foareker, wolle graach fan de alders fan de skoalbern witte hoe at se oer skoalle tinke. Dit wolle se dwaan middels in 2 jierlikse enkête. Graach wolle se dat sa folle moglik alders dizze list ynfolle sadat se in sa […]

Pearkekeatsen

Snein 19 maaie stiet op de keatsagenda wer it pearkekeatsen. By foldwaande dielname wurd der wer keatst yn 4 klassen. By it twatal (1 man en 1 frou)  moat minimaal 1 lid weze fan de KF Easterein. It pearkekeatsen stiet al in moai skoft op de agenda en hjeard hast by de tradysionele partijen fan […]