Hawwe jimme de griene briefkes hingjen sjoen? Noch 5 dagen….. noch 3 dagen…… noch 1 dei…….. En jaaaaaaaaaaaaaaa! Us fernijde website is online!
Sa’t jimme sjogge hat de website fan Easterein in nij jaske! It sjocht der allegearre wat moaier út (fine we sels dan). Mar der is mear nij:
- Yn de rjochterkolom stiet in oersjoch mei de meast resinte tweets mei it wurd Easterein der yn.
- Alle foto’s op Instagram mei Easterein yn de omskriuwing ferskine ûnder ‘Easterein op Instagram’ yn de rjochterkolom
- Kinst dy ynskriuwe foar in wyklikse mail mei it nijste nijs fan www.easterein.nl Sa bliuwst by!
- De doarpsaginda hat – neist it oersjoch op de foarside mei de 5 earstkommende aktiviteiten – in eigen side wêr’st wat fierder yn de takomst sjen kinst wat der allegearre te rêden is yn (en om) Easterein
- De website hat in eigen redaksje, dy’t bestiet út Hans Kooistra, Yvonne van Beem, Tineke Meijer, Arnold van Schepen en Silvia Hania
Wolst helpe om dizze website noch leuker, nijsgjirriger en aktueler te meitsjen? Dat kin!
- Stjoerst in tweet oer Easterein? Set it wurd Easterein yn de tweet en hy ferskynt ek op de website!
- Makkest in moaie foto yn Easterein fia Instagram? Brûk de hashtag Easterein (#Easterein) en dan stiet dyn foto ek hjir op www.easterein.nl
- Hast wat foar de doarpsaginda? Stjoer in berjocht nei info@easterein.nl en we sette it yn de aginda
- Hast nijs datst kwyt wolst? Stjoer in berjochtsje (leafst mei foto(‘s)) nei info@easterein.nl en wy soargje derfoar dat it by de nijsberjochten komt te stean
En fansels meist ús witte litte watst der fan fynst….. Dat kin gewoan yn de reaksjes ûnder dit berjocht. Mist noch wat op de website? Binne der saken dy’t wy noch better dwaan kinne? Lit it ús witte!