Marije Brouwer docht mei oan Sjong! In Frysktalich songfestival foar jongeren tusken de 12 en 18 jier.
De kandidaten moatte mei in eigen Fryske tekst op in besteand ferske in nij nûmer meitsje. Marije sjongt mar spilet derby ek noch sels gitaar.
Se is troch de foarrondes en hat no in eigen filmke op youtube (wat al hast 800 kear besjoen is!) Hoe tof is dat!
Freed 17 maaie mei se middeis by Omrop Fryslan radio sjonge en op freed 7 juni is de grutte finale yn de Koornbeurs yn Frentsjer.
(troch Yvonne van Beem)