De Sneupskuorre oan de Skippersbuorren , ien fan de winkels dy der noch is yn Easterein. It is ek in hiel bysûndere winkel want sa binne bygelyks de iepeningstiden ôfhinklik fan de nocht fan de eigenaar en derneist moat it ek noch moai waar wêze! Mar gjin noed as je dôchs graach efkes sjen wolle kinne je Jelle Brouwer altyd efkes hifkje (moai Frysk wurd).
Handel
“Ik haw eartiids ek yn de handel fan twaddehâns guod sitten, tegearre mei Enno Bruinsma. We garden it hiele jier spul op en ferkochten dan ien dei yn it jier safolle mooglik spul. De opbringst gong doe nei de Tsjerne. Op in gegeven momint hâlde je der dan wer mei op, sa giet dat. Mar sûnt ik wer út it wurk bin haw we de handel wer oppakt. Fyn it moai wurk; der wurdt fan alderhande guod binnenbrocht en je haw mei elts in praatsje, der is altyd wol in ferhaal. En as minsken dan tefreden wer nei hûs te gean dan haw ik goede saken dien.” Oan it wurd is Jelle Brouwer, behearder en haadferkeap fan de Sneupskuorre. Tegearre mei Folkje Visser soarget hy der foar dat it guod útsocht wurdt en in moai plakje yn de winkel krijt.
As je no thús ek guod haw wat wol nei de Sneupskuorre kin dan kinne je altyd Jelle efkes belje. Syn telefoannûmers binne 05151-332269 as 06-38896267. It spul wurdt dan sels by jo ophelle as jo kinne it bringe op Koaifinne 4. Salang as it om ferkeapber spul giet en it gjin grutte meubels as wytguod is binne alle spullen wolkom. As guod te lang yn de winkel stiet en it wurdt wat fol dan giet it nei in oare rommelmerk.
De opbringst fan de Sneupskuorre giet elts jier nei in goed doel. Krek as ferline jier giet it jild nei de feriening Skoalleseize. In hiel soad ferieningen meitsje hjir gebrûk fan en dat wie foar Jelle en Folkje de reden om wer foar dizze ferieniging te kiezen.
Der binne sûnt koart ek Sneupskuorre kadobonnen. In echte win-win-win situaasje. Jelle rekket syn guod kwyt, de keaper hat in moai kadootsje foar net al te folle jild en de ûntfanger is fansels út de skroeven mei in moai nij (âld/brûkt) kadootsje wat mei soarch útsocht is.
De bonnen binne te krijen op de Koaifinne 4.
Ik soe sizze nim gewoan ris de muoite om yn de Sneupskuorre te sjen en lit je ferrasse! No is it wachtsjen op moai waar!
(skreaun troch Yvonne van Beem)