Keatskes: 21-07-2013

It is it wykein foar de 9e edysje fan de Jong-Feintepartij en sneons wie der earst de ledenpartij foar senioaren, de De Jongpartij en jûns…

Djipte fan fearten: graach jimme reaksje

Der komme hieltyd mear lûden binnen by doarpsbelang oer de minne djipte fan de fearten. Wy heare graach wat jimme ûnderfining is.  Doarpsbelang wol graach mei bewiis sjen oft we der wat oan dwaan kinne. Wêr is it in drama? Wêr sitte de grutte knipepunten? En wêr is it noch prima te dwaan? Dus, fiskers […]

Komkommertiid 2: tips foar de thúsbliuwers

Binne jimme net mei fakânsje? De redaksje fan easterein.nl hat efkes in pear tips foar útstapkes foar jimme sammele.  Yn en om Easterein en wat fierder fuort…. Yn Easterein: tongersdei 18 july, 20.00 oere: Oargelkonsert troch Sander van Marion yn de Martinitsjerke sneon 20 july, 12.00 oere: De Jongpartij (ledepartij) op de fjilden fan de […]

Protest tsjin missen fan Frysktalige plaknammen yn ANWB rûteplanner

Ast yn de ANWB-rûteplanner op syk giest nei Easterein, dan wurdt der frege ofst miskien Oosterend bedoelst. Nee, fansels net, dat leit allinnich mar op de eilannen Skylge en Texel. Op de site itnijs.nl stiet mear ynformaasje. Boargemaster Liemburg wol it der net by sitte litte en mei oare gemeenten en provinsje besykje de ANWB […]

Komkommertiid

In oantal leden fan de redaksje is krekt lykas in protte minsken út it doarp mei fakânsje en dat betsjut dat it wat dreger is om Eastereiner nijs te pleatsen en te finen. We dogge ús bêst om aktueel te bliuwen! Of sitte wy der hielendal neist en sitst te popeljen om dyn nijs kwyt […]

13-07-2013 – Okkemapartij

Hjoed waar de 35ste Okkemapartij keatst op sportpark De Skoalleseize yn Easterein. Al 35 jier is Leanbedriuw Okkema de stiper fan dizze partij. Sûnt in…

Wilhelmina stiet 2e op WMC

Wilhelmina Easterein stiet no 2e op it Wereldmuziekconcours yn Kerkrade. Se dogge dêr mei yn de 2e divysje en hawwe geweldich spile fan ‘e middei. Wilhelmina behelle 94,25 punten. Se hawwe de oare Noard-Nederlânske fanfares dêrmei achter harren litten, te witten Grootegast en Schraard. De definitive útslach folget oer twa wike, as ek de lêste […]

Keatskes: 14-07-2013

Freed begûnen de Bolswarder keatsdagen en wol mei de haadklasse froulju en sneins de haadklasse manlju. By jubilaris Minnertsgea (100 jier!) wie it Nederlâns Kampioenskip…

Vanavond Open Repetitie/Concert Bogerman Wommels 19.30 uur

Vrijdag 12 juli is er een generale repetitie van Wilhelmina voor het Wereld Muziek Concours. U bent van harte welkom in het Bogerman-gebouw te Wommels! Zaterdag 13 juli stappen de leden van Wilhelmina in de bus richting Kerkrade. Na een overnachting in Vlodrop zal Wilhelmina op zondag 14 juli om 17.30 uur spelen in het […]