Ast yn de ANWB-rûteplanner op syk giest nei Easterein, dan wurdt der frege ofst miskien Oosterend bedoelst. Nee, fansels net, dat leit allinnich mar op de eilannen Skylge en Texel.
Op de site itnijs.nl stiet mear ynformaasje. Boargemaster Liemburg wol it der net by sitte litte en mei oare gemeenten en provinsje besykje de ANWB op oare gedachten te bringen. Ek oare bestjoerders fine it net mear fan dizze tiid en respektleas.
It is mooglik om de ANWB witte te litten wat wy fan de nije rûteplanner fine. Dat kin fia http://www.anwb.nl/formulier,/routeplanner-enquete.html (en dan makkest ek noch kâns op in kadobon fan de ANWB). Helpe jimme mei?