Wilhelmina Easterein stiet no 2e op it Wereldmuziekconcours yn Kerkrade. Se dogge dêr mei yn de 2e divysje en hawwe geweldich spile fan ‘e middei. Wilhelmina behelle 94,25 punten. Se hawwe de oare Noard-Nederlânske fanfares dêrmei achter harren litten, te witten Grootegast en Schraard. De definitive útslach folget oer twa wike, as ek de lêste fanfare yn de 2e divysje spile hat.
Wy lokwinskje Wilhelmina no alfêst mei de topprestaasje dy’t sy fan ‘e middei levere hat!