Binne jimme net mei fakânsje? De redaksje fan easterein.nl hat efkes in pear tips foar útstapkes foar jimme sammele. Yn en om Easterein en wat fierder fuort….
Yn Easterein:
- tongersdei 18 july, 20.00 oere: Oargelkonsert troch Sander van Marion yn de Martinitsjerke
- sneon 20 july, 12.00 oere: De Jongpartij (ledepartij) op de fjilden fan de Skoalleseize
- sneon 20 july, 20.00 oere: Lotting fan de Jong Feintepartij
- woansdei 24 july: Jong Feintepartij
Krekt wat fierder fuort:
- oant 1 septimber: Sânskulptuerefestival yn Snits op it eardere Flexaterrein (Oppenhuizerweg), sjoch site foar mear ynformaasje
- 14-21 july: Grouster skûtsjewike , sjoch site foar mear ynformaasje
Hawwe jimme mear tips? Lit it ús witte, dan sette wy se op de site!