Slotjûn jeugd KF Easterein

In tige slagge middei op de Skoalleseize en it MFT. De jeugd fan de keatsferiening Easterein hie freedtemiddei de lèste aktiviteit fan it keatsseizoen 2013. De tradysjonele slotjûn. De kabouters en welpen mochten om goed 4 oere begjinne oan in spellerûnte op it fjild oan 6 behindigheidsspultsjes werfan 2 mei wetter. Om healwei seizen patat […]
Utslach 1/8 triathlon

De útslach fan de 1/8 thriathlon van Zwembad de Klomp is bekend. Durk Jorrit van der Eems is twadde wurden yn it tiid fan 1:07:52. Yn ús foarige berjocht hiene we in pear Eastereiners mist. Benijd wa’t dat binne en hoe’t se it dien hawwe? Gau sjen op de site fan De Klomp.
‘Gevonden voorwerpen’ nei de doarpsfeesten

Noch hieltiid lizze der fune foarwerpen bij Gea van Dijk op de Skoallestrjitte 20. Under oaren twa learen jaskes, sjoch de foto’s hjirunder. Mist ek noch wat sunt de doarpsfeesten ein juny? Gean dan efkes bij Gea del. Ien jaske fan it merk Odyssee (maat XL) en de oare fan it merk ICHI (maat M)
Droegte

Ek de sportfjilden fan de Skoalleseize kampen mei droegte. Foarearst binne de oefenwedstriden fan vv SDS troch de wike ôflast. Ek de keatsaktiviteiten binne, foar safier at se der noch binne, ôflast. De fuotbalkompetysje fan vv SDS op sneon en de stiperspartij fan de K.F. Easterein op snein gean noch wol gewoan troch. Ek de slotaktiviteiten foar de […]
Paintparty

Kommende sneon iepent jeugdhonk “de Tsjerne “wer harren doarren foar it kommende winterskoft. Dit kear mei in primeur yn Littenseradiel mei in spektakulaire paintparty ek wol neonsplashparty neamt. By in paintparty komme de besikers yn witte klean. Mei fervekanonnen en fervebazooka’s wurd neonferve op de besikers spuite. Dizze ferve wurd opljochte troch blacklights. Mei dancemusiek […]
Gjin keatsen yfm droegte: update
Achte leden, Yn ferban mei it droege waar kin der GJIN gebruk makke wurde fan de fjilden! Dus gjin keatsaktiviteiten dizze wike…
01-09-2013 – KNKB Manlju 50+
Vandaag de Heren 50 + door elkaar loten met verliezersronde gekaatst op sportpark skoalleseize in Easterein. Het was een bewolkte maar gelukkig wel een droge…
Keatskes: 01-09-2013
It keatsseizoen rint op it ein ta. Snein yn Easterein de lêste KNKB partij en takom wike freed 6 septimber de slotdei foar de jongerein en…
Samen op weg

Hjoed, snein 1 septimber 2013 wie it dan safier. In wichtiche dei foar Easterein. De gerifformearde tsjerke en de Herfoarme gemeente binne fanôf no offisjeel “Protestantse gemeente Easterein”. Nei 40 jier praten, fergaderje, gesprekken ensh. en as ien fan de earsten yn Fryslân dy’t yn it “Samen Op Weg” projekt stapt binne koene hjoed ûnder […]
Eastereiners yn 1/8 triathlon Wommels/De Klomp

Tongersdeitejûn 5 septimber wurdt yn Wommels fanút swimbad De Klomp in ienachtste triathlon organisearre. Dat betsjut 500 m swimme, 20 km fytse en 5 km drave. It fytsparkoers giet troch Easterein. Ida Hallema, Sjoukje van der Eems en Durk-Jorrit van der Eems binne de Eastereiners dy’t op de list steane om mei te dwaan. En […]