Kommende sneon iepent jeugdhonk “de Tsjerne “wer harren doarren foar it kommende winterskoft. Dit kear mei in primeur yn Littenseradiel mei in spektakulaire paintparty ek wol neonsplashparty neamt. By in paintparty komme de besikers yn witte klean. Mei fervekanonnen en fervebazooka’s wurd neonferve op de besikers spuite. Dizze ferve wurd opljochte troch blacklights. Mei dancemusiek en fette beats jout dit in hiel moai gehiel. Neffens it bestjoer kin de ferve wer maklik ût de klean waske wurde mar se jouwe hjir gjin garânsje op dus lûk alde witte klean oan. De entree is € 4,00 euro en kom op tiid want fol is fol