Hjoed, snein 1 septimber 2013 wie it dan safier. In wichtiche dei foar Easterein. De gerifformearde tsjerke en de Herfoarme gemeente binne fanôf no offisjeel “Protestantse gemeente Easterein”. Nei 40 jier praten, fergaderje, gesprekken ensh. en as ien fan de earsten yn Fryslân dy’t yn it “Samen Op Weg” projekt stapt binne koene hjoed ûnder tasjen fan de gemeenteleden fan de tsjerke en notaris Troost fan SWF troch ferskate minsken, werûnder 2 tidelike tsjerkerieden fan de Gerifformearde tsjerke, de lèste hântekeningen set wurde. Sa at dumny al sei, 1 hoeder, 1 kudde.