Slotjûn jeugd KF Easterein

In tige slagge middei op de Skoalleseize en it MFT. De jeugd fan de keatsferiening Easterein hie freedtemiddei de lèste aktiviteit fan it keatsseizoen 2013. De tradysjonele slotjûn. De kabouters en welpen mochten om goed 4 oere begjinne oan in spellerûnte op it fjild oan  6 behindigheidsspultsjes werfan 2 mei wetter. Om healwei seizen patat en drinken yn de  kantine wèr èk de prizen foar de kompetysje ûtrikt wurde. Om healwei 7 de pupillen en de skoaljeugd. Foar dizze bern in sletterace om de sportfjilden en op it MFT. 19 bern yn 5 groepkes moasten spultsjes dwaan . Tidens it ferplaatsen nei it oare spultsje moasten de bern troch de feart. Der wie ek in spultsje by it opslachfak fan it pelotefjild. De bern moasten ballen ien foar ien yn de amer dwaan die oan de oare kant fan de feart stûn. In drekbende mar tige slagge. Tank oan alle frywilligers dy dizze middei en jûn holpen hawwe.2013-09-06 19.21.21