KFE: Neijiersgearkomste 2013-ferslach

De opkomst wie goed (± 50 leden) seagen de seis bestjoersleden en de jûn stie yn it teken fan waarnimmen as foarsitter, nije aktiviteiten, nijs…

60+

Op tiisdei 19 novimber om 14.30 oere organisearret it bestjoer fan de 60+ wer in gesellige middei yn de Skoalleseize foar alle 60+ers fan Easterein. Gast foar dizze middei is Freddy Scheltema. Hy sil it hawwe oer libjen en wurkjen efter de tralies

Wurkgroep N359 docht ferhaal by SBS6

Doarpsbelang Wommels en oare doarpsbelangen oan de N359 hawwe in wurkgroep dy’t oan de gong is mei de feiligens fan de krúspunten. Moarntejûn (sneon) fertelle sy yn Hart van Nederland wat der oan de hân is en hoe’t it no krekt allegearre sit. De útstjoering is om 22.30 oere. Fansels folget doarpsbelang fan Easterein de […]

KFE: Neijiersgearkomste 2013

Grutte opkomst op de neijiersgearkomste!   It bestjoer hie sa’n 50 leden op besite en in part dêrfan wie de jongerein dy’t fannjejûn hulidige waard.…

Keatsers fan it jier

Op de drokbesochte neijiersgearkomste fan de keatsferiening Easterein, wer san 50 leden oanwezich wiene, binne Roelie en Corrie Kroondijk beneamd ta keatser(s) fan it jier. Troch harren ûnberonge ynset, positive ùtstrieling  foar en kwaliteit by it keatsen hat it HB besletten dit jier net 1 lid, mar dizze twaling te beneamen.

Betonstrjitstiennen fan Singel nei Van Eysingaleane

We hawwe berjocht krigen fan de gemeente oer feroaringen troch de oanpak fan it krúspunt Van Eysingaleane/Populierleane. . Der is in tekoart fan ûngefear 50 m2 betonstrjitstiennen foar it opnij straten fan it krúspunt. Dit komt troch dat der in soad knipferlies is fan de stiennen. Dêrom is yn oerlis mei de oannimmer besluten om […]

De magyske yntocht fan Sinteklaas en syn gûchelpieten

Op 23 novimber 2013 om 13.30 oere komt Sinteklaas yn Easterein oan. Fansels op syn fertroude plak op de Skippersbuorren. De bern kinne allegearre wer in skoech mei harren namme meinimme. It tema dit jier is Hokus Pokus. Dus kinst in trúkje? Of wist in moai ferske? En wolst dit graach oan Sinteklaas sjen litte?  […]

Beppe Imie kan maar trots zijn op kleindochter Hilde Veninga

In het Friesch Dagblad van dinsdag 12 november stond een prachtig artikel over het concoursdebuut van Hilde Veninga. Dit is de kleindochter van onze tenorsaxofoniste Imie Veninga. Ze ging op concours met fanfare Nij Libben uit Witmarsum en speelde daar een flink aantal solo’s. Leuk om te lezen!

Pjutten hawwe winkeltsjes foar nij boartersguod

De pjutten fan de Poaskepôle hawwe allegearre in eigen winkeltsje op ynternet. Se ferkeapje dêr kaarten, placemats, ûndersetters, puzzels en noch mear mei harren eigen tekeningen der op. Fan de opbringst kin de Poaskepôle nij boartersguod keapje. Dus binne jo noch op syk nei bysûndere krystkaarten? Of prachtige ûndersetters? Freegje de heiten en memmen (of […]

Neijiersgearkomst K.F. Easterein

Bêste minsken,   Wy wolle jimme fan herte útnoegje foar de neijiersgearkomste fan Keatsferiening Easterein. Op dizze jûn wolle wy graach mei jimme werom sjen op it ôfrûne jier en ús plannen foar it kommende keatsseizoen beprate. Ek âlders fan ús jongereinleden binne fan herte wolkom.   De gearkomste sil plakfine op woansdei 13 novimber […]