Jou dy op foar Easterein Rocks Junior!

(ynstjoerd troch Easterein Rocks) Sa as jim witte is der in enoarm muzikaal talint yn Easterein. Der stienen, op de Easterein Rocks Jamsessie, wer mear as 20 pleatselike artysten op it poadium. Mar we witte ek dat der in soad jong talint yn dit doarp wennet. Ek dizze toppers wolle we in kâns jaan en […]
Easterein op Omrop Fryslân

Moai ynterview mei de Paul de Bruin oer it projekt Lytse Farwegen, wêrby’t in tal brêgen ophege wurdt, ek om Easterein hinne. It ynterview belústerje kin fia: http://www.omropfryslan.nl/nijs/bregen-greidhoeke-op-hichte De farrûtes yn de Greidhoeke tusken Boalsert-Frjentsjer-Easterein wurde tagonklik makke foar sloepkes en lytse motorboatsjes. De wurkgroep Lytse Farwegen is der yn slagge om mei help fan […]
Skilderkring

Yn de Reinboge stie in moai stikje skreaun troch Jan Strikwerda, ik set it op de site sadat ek minsken dy dit boekje net krije it ek lêze kinne: Nee, in kursus is it net. Hoewol… We sitte yn in grutte kring om de tafel fan Ineke hinne. Oeral moai deiljocht. In tafel fol mei ferve en […]
Eastereinders yn de slachterin

Ofrûne sneon wa der yn Wommels wer in slachterin organisearre troch Ultsje Wiersma en Wietse Jonker yn gearwurking mei Sv Fryslan. Fan de 370 dielnimmers wiene de Eastereinder dielnimmers op 1 hân te tellen. 3 dielnimmers ùt Easterein wisten op dizze prachtige sneon it parkoers fan 10 km te draven. Op plak 170 fine we Geertsje […]
Ledengearkomst fuotbalferiening SDS

De ledengearkomst fan fuotbalferiening SDS op woansdei 27 novimber 2013 jûns om acht oere yn’e kantine op sportpark de Skoalleseize. Wurklist: 1. Iepening 2. Fêststellen fan de wurklist 3. Meidielings en/of reaksjes op notulen en jierferslach ** 4. Ferslach fan de sponser kommisje 5. Ferslach fan de jongerein kommisje 6. Jierferslach fan de ponghalder en […]
Sinterklaas feestelijk ontvangen in Easterein
Op zaterdag 23 november is Sinterklaas aangekomen in Easterein. Rond half 2 arriveerden 2 bootjes met Zwarte Pieten op de Skippersbuorren. Helaas waren Sinterklaas en Hoofdpiet weggetoverd door de ‘Toverpiet’. Per ongeluk….maar toch. Het was dus even spannend of ook Sinterklaas nog zou komen. Gelukkig werd er met een heftruck een enorm kado bezorgd op […]
Sint en Piet dochs yn Easterein

Under grutte belangstelling is Sinterklaas mei syn pieten dochs yn Easterein oankommen. It likke der earst op dat Easterein it sûnder Sinterklaas en haadpiet dwaan moast. De “magicpiet yn oplieding” hie Sinterklaas, de haadpiet, de boat, Amerigo ensh. fuort tovere en koe it net werwerom krije. De pieten hawwe ûnderweis mar 2 fiskers […]
Yntocht Sinterklaas

Kommende sneon is it wer safier. Sinterklaas en syn swarte pieten komme oan op de Skippersbuorren. Om goed healwei 2 sille se besykjen oan te lizzen mar it is altiid twiveleftich at swarte piet Easterein wol fine kin. It thema dit jier is “Hokus Pokus” Dus kinst in trúkje? Of wist in moai ferske? En […]
Glêstried foar Easterein: dat kin better!

De gemeente Littenseradiel docht in ynventarisaasje fan it ferlet oan glêstried. Wêrom dat nedich is? Glêstried kin der oan bydrage om ús doarp ek yn de takomst leefber te hâlden. Foar ynwenners op it mêd fan bygelyk soarch, foar lytse en grutte bedriuwen om saken te dwaan, foar boeren foar bygelyks it yn- en útlêze […]
Aktiviteitenmiddei

Op snein 24 novimber organisearje Sanne-Rixt Jorritsma en Arjanne Schaafsma wer in aktiviteitenmiddei yn de Tsjerne. Se wolle graach mei de bern pipernùten bakke. Groep 1 en 2 fan 13.30 oant 15.00 oere en groep 3 en 4 fan 15.30 oant 17.00 oere. Opjefte oant woansdei 20 novimber by sannerixt_8@hotmail.com as in briefke troch de […]