De gemeente Littenseradiel docht in ynventarisaasje fan it ferlet oan glêstried. Wêrom dat nedich is? Glêstried kin der oan bydrage om ús doarp ek yn de takomst leefber te hâlden. Foar ynwenners op it mêd fan bygelyk soarch, foar lytse en grutte bedriuwen om saken te dwaan, foar boeren foar bygelyks it yn- en útlêze fan masjines, foar toeristyske bedriuwen, en ek om nije minsken Easterein as wenplak kieze te litten.
It kaartsje lit sjen dat Easterein wat achter rint ast sjochst nei de oare doarpen….. Dat kin fansels net. Dus efkes ynfolje op http://littenseradiel.opglas.nl/