Kommende snein útslieptsjinst om 13.00 oere

Kommende snein 8 desimber is der wer in útslieptsjinst yn tsjerke. Dizze foarm is twa jier lyn foar de jeugd betocht. Mar it docht bliken dat it ek gruttere groepen minsken oansprekt. It binne foaral dy minsken dy’t net gauris yn tsjerke komme. It aardige is dast komme kinst wannear as it dy útkomt. By […]
Kontraktûndertekening printerij v/d Eems by sc Hearrenvean

Durk Jorrit v/d Eems, Direkteur fan Printerij van der Eems en sportclub Hearrenvean hawwe in nij kontrakt ûndertekene. Dermei binne se de kommende 3 jier de hùsprinter fan Sc Hearrefean. It filmferslach kinne jim HJIR sjen
Filmmiddei yn de Tsjerne foar bern

Op snein 8 desimber 2013 is der in filmmiddei foar bern fan de legere skoalle yn De Tsjerne. Yntree is EUR 0,50 (ynkl. limonade en wat lekkers). groep 1 en 2: 13.00 – 14.30 oere groep 3 – 8: 15.00 – 16.30 oere Ferjit net om lekker dyn eigen kessen en/of tekken mei te […]
Snoeiôffal wurdt ophelle yn wike 50

Yn wike 50 (9 – 13 desimber) wurdt it snoeiôffal wer ophelle. Jo kinne jo oanmelde oant freed 6 desimber, 12 oere. Dit kin tillefoanysk fia (0515) 334495 of mei it digitale formulier fan de gemeente Littenseradiel. Sy hawwe op harren site ek mear ynformaasje stean oer it opheljen fan snoeiôffal.
Winterwille
It komt tichterby. Freed 13 desimber fan 15.30 oere oan’t 20.30 oere wurdt de Foarbuorren wer omtsjoent yn in sfeerfol krystbarren. Mear witte? www.winterwille.nl
Nijs fan doarpsbelang: doarpskrante

Sa’t we allegearre yn de foarige doarpskrite lêze koene ferskynt yn desimber de allerlêste doarpskrite. Doarpsbelang wol Annie en Coby betankje foar harren jierrenlange ynset foar de doarpskrite. Yvonne wurdt fansels ek betanke, sy hat de doarpskrite jierrenlang besoarge yn Easterein. Doarpbelang sil besykje troch te gean mei it útbringen fan in doarpskrante. Hoe dat […]
Ferslach Littenseradiel Kultureel Bedriuwen Follybal Toernoai

(ynstjoerd troch organisaasje LKBFT) Freed 22 novimber 2013 is yn Sporthal de Greidhoeke yn Easterein de 4e edysje it Littenseradiel Kultureel Bedriuwen Follybal Toernoai hâlden. Op dizze edysje hienen har mar leafst 18 ploegen ynskreaun! Eilaas moast 1 team ôfheakke, mar de oare 17 teams ha har tige fermakken mei oantreklik, hylarysk en sportyf follybal! […]
Brêge Foarbuorren – Tsjerkebuorren wurdt fernijd – UPDATE

UPDATE 29 novimber: we kinne wer gewoan oer de brêge rinne en fytse! —- De brêge tusken de Foarbuorren en de Tsjerkebuorren wie net al te bêst mear en wurdt op dit stuit fernijd. Dat betsjut dat der gjin trochgong is. Fytsers en kuierders moatte dus efkes omfytse of omrinne. De wurksumheden duorje ûngefear oant […]
Sinterklaas workshop by De Taartentsjoender

Op woansdei 4 desimber organisearret De Taartentsjoender in ‘Sinterklaas Workshop’. Lear yn dizze workshop hoe ofst in taart folst mei lekkere spekulaasfolling en opmakkest mei in moaie Sinteklaas as Swarte Pyt (wat oars kin fansels ek). De kosten binne €30,- euro per persoan. Foar fragen as opjefte: info@detaartentsjoender.nl
Easterein op Omrop Fryslan (2)

Alwer is Easterein te hearren en dit kear ek te sjen op Omrop Fryslân. Fan ‘e jûn wurdt Freddie Scheltema nei syn miening oer de Fryske prizen frege yn it programma Bynt. Wat hy hjir oer te sizzen hawt? Bynt wurdt om 18.30 oere op Omrop Fryslân tillevyzje útstjoert en wurdt dan alle oeren werhelle.