Nijs fan doarpsbelang: doarpskrante

Sa’t we allegearre yn de foarige doarpskrite lêze koene ferskynt yn desimber de allerlêste doarpskrite. Doarpsbelang wol Annie en Coby betankje foar harren jierrenlange ynset foar
de doarpskrite. Yvonne wurdt fansels ek betanke, sy hat de doarpskrite jierrenlang  besoarge yn Easterein.

Doarpbelang sil besykje troch te gean mei it útbringen fan in doarpskrante. Hoe dat krekt komt, hoe’t it der út sjocht en wa’t de redaksjeleden binne, dat binne we op dit stuit oan it útwurkjen. Sadra’t we mear witte, litte we dat fansels oan jimme witte.