(ynstjoerd troch organisaasje LKBFT)
Freed 22 novimber 2013 is yn Sporthal de Greidhoeke yn Easterein de 4e edysje it Littenseradiel Kultureel Bedriuwen Follybal Toernoai hâlden. Op dizze edysje hienen har mar leafst 18 ploegen ynskreaun! Eilaas moast 1 team ôfheakke, mar de oare 17 teams ha har tige fermakken mei oantreklik, hylarysk en sportyf follybal! It toernoai wie mei mooglik makke troch Gemeente Littenseradiel en Rabobank Sneek-ZuidwestFriesland.
Yn de haadklasse dienen 5 ploegen mei. Poulewinner waard hjir it hast profesjonele team (alles wûn) fan Rabobank Sneek_ZuidwestFriesland en wûnen de moaie kadopakketten, oanbean troch Jumbo Supermarkten – Wommels. Allinnich tsjin K.F. Easterein 1 (2e) wie it dreech. Bootsma Turns 1 waard 3e, debutant Kamstra Steenhandel 4e en DA Fizel mei 0 punten lêste.
De haadpriis yn de middenklasse gie nei it 25-oeren-team-Reahûs. Dizze erfaren follyballers wûnen ek alle wedstriden al wie it net altyd mei grutte sifers. In spannende klasse. Hja krige de itensbonnen, oanbean troch it Reade Hynder, Wommels. De Baltsjedriuwers (ek Reahûs) waarden goed (2e). Spotkafee De Greidhoeke 3e, Gebr. Vellinga, nei winst ferline jier yn de rekreaasjeklasse no yn de middenklasse, waard 4e, v.v. SDS mei in bysûnder frommes, waard 5e. It team fan Boubedriuw Bootsma Turns 2 hie it tige dreech yn dizze klasse en krigen fan de kommisje de poedelpriis, moaie pakketten fan DA Fizel
Yn de rekreaasjeklasse wie der nei alle edysjes yn dizze klasse dan doch in kear it kampioenskip foar Rekreaasje Easterein en meie út iten nei Noflik Easterein! Hja hienen in pear tûke froulju yn it team en dat die fertuten, alle wedstriden wûn. Goed 2e waard it team fan Bos Mechanisatie. Yn dizze poule sieten de teams allegear moai yn de klean. It Reahuster klupke waard 3e, de Netwurkers (Gem. Littenseradiel) 4e, It Reade Hynder 5e en Jumbo Wommels 6e.
Op de eigen bysûndere wize waard de priisútrikking fersoarge troch foarsitter en grutte animator fan it toernoai, Meinte Bergstra. De prizen en grutte wikselbekers waarden útrikke en mei de olympyske gedachte ‘meidwaan is wichtiger as winne’ waard der noch gesellich neipetearre! Takom jier wurde bedriuwen en ferienings wer benadere foar alwer it earste lustrum fan dit moaie barren, de 5e edysje dy’t op de fjirde freed van novimber (28-11-2014) plakfine sil!