De pjutten fan de Poaskepôle hawwe allegearre in eigen winkeltsje op ynternet. Se ferkeapje dêr kaarten, placemats, ûndersetters, puzzels en noch mear mei harren eigen tekeningen der op. Fan de opbringst kin de Poaskepôle nij boartersguod keapje.
Dus binne jo noch op syk nei bysûndere krystkaarten? Of prachtige ûndersetters? Freegje de heiten en memmen (of juffen) fan de pjutten efkes om in link!
Jo kinne online betelje, mar ek gewoan kontant.
Hjirûnder trije foarbylden, mar der binne fansels folle mear keunstners op de Poaskepôle!