Doarpsbelang Wommels en oare doarpsbelangen oan de N359 hawwe in wurkgroep dy’t oan de gong is mei de feiligens fan de krúspunten. Moarntejûn (sneon) fertelle sy yn Hart van Nederland wat der oan de hân is en hoe’t it no krekt allegearre sit. De útstjoering is om 22.30 oere.
Fansels folget doarpsbelang fan Easterein de diskusje en de aktiviteiten fan de wurkgroep, om’t ek in protte Eastereiners de krusingen brûke.
Efkes sjen dus!
(mear ynformaasje: http://www.wommels.nl/index.php/actueel/nieuws/4187-hart-van-nederland-interview#.UoYagILOiG8.twitter )