Foto’s Keningsdei

De foto’s fan Keningsdei 2016 kinne jim HJIR fine en op ús fotoalbum yn Google Plus. It ferslach fan Keningsdei lêze jo yn de doarpskrante fan juny.
Utferkeap Sneupskuorre

It ienichste winkeltsje wat Easterein noch ryk wie, slút woansdei om goed 12 oere de doarren. It wie in hiel bysûndere winkeltsje want sa wiene de iepeningstiden ôfhinklik fan de nocht fan de eigenaar en derneist moast it ek noch moai waar wêze! De sneupskuorre fan Jelle Brouwer en Folkje Visser giet op Keningsdei ticht en sa komt der in ein oan […]
Dames vv SDS kampioen

Justerjûn hawwe de froulje fan vv SDS it kampioenskip binnen helle troch in moaie oerwinning op Warga. It wa úteinlik 4 – 0 troch doelpunten fan Jeska, Sieta en Tjitske 2 x It wurd in echt jier fan kampioenen yn Easterein. Ek korps Wilhelmina, dames Covos 1 en meisjes cmv 1 wisten als 1ste te […]
Kampioenswedstriid SDS VR 1

Moandeitejûn spylje de dames fan fuotbalferiening SDS harren kampioenswedstriid op sportpark de Skoalleseize yn Easterein. Om 19.00 oere moatte se tsjin vv. Warga. Se kinne jûn al kampioen wurde omdat harren grutste konkurint QVC sneon ferlen hat. (foto: vvSDS)
Kontrakt tekene

Under grutte publieke belangstelling is sneontemiddei om 17.15 it kontrakt ûndertekene troch Marie Eringa en Wilco Overal fan stichting de Skoalleseize en Erik de Rink fan de Antea Group. Mei dit ûndertekenje is it startskot jûn foar it léste diel fan de renofaasje fan de fjilden en klaaiboxen op it sportpark fan de Skoalleseize. It […]
Programma Keningsdei

Tiisdei 26 april 18.30 oere survivaltocht yn de buorren. Start en finish fanôf Skoalleseize. Kom alle dielnimmers oanmoedigjen, jo sjogge se wol gean troch de buorren. Nei ôfrin is de Skoalleseize iepen foar in drankje. Woansdei 27 april 9.00 oere korps giet troch de buorren 9.30 oere frijmerke mei ek in optreden fan de Wilhelmini’s […]
Test
test
Kontraktûndertekening Keunstgérsfjild Skoalleseize Easterein

Sneontemiddei 23 april om 17.00 oere, nei de wedstriid SDS 1 – Joure 1, sil it bestjoer fan stichting de Skoalleseize it kontrakt ûndertekenje mei de Antea Group. Nei it ûndertekenje fan dit kontrakt sil de Antea Group los mei de oanlis fan it nije keunstgérsfjild. Elts is wolkom om te sjen hoe at it […]
Nije foarsitter Fuort mar Los

Toniel feriening Fuort mar los hie juster harren jiergearkomste. Foarsitter Halbe Overal hat nei 4 jier de hamer oerdroegen oan Sjirkje Plantinga-Couperus.
Sneon slotjûn van de Tsjerne mei skûmparty

Kommende sneontejûn is de léste jûn fan it winterprogramma fan jeugdhonk de Tsjerne. Dit wolle se graach gesellich ôfslúte mei in skûmparty foar de jeugd. De bern fan groep 7 en 8 binne wolkom om 18.00 oere en dy kinne skomje oant 20.30 oere. Tagong € 3,- Dernei binne de jong folwoeksenen fanôf de middelbare […]