Under grutte publieke belangstelling is sneontemiddei om 17.15 it kontrakt ûndertekene troch Marie Eringa en Wilco Overal fan stichting de Skoalleseize en Erik de Rink fan de Antea Group. Mei dit ûndertekenje is it startskot jûn foar it léste diel fan de renofaasje fan de fjilden en klaaiboxen op it sportpark fan de Skoalleseize. It A-fjild, wat op 29 april precies 25 jier leit, wurd no keunstgérsfjild. De stichting Skoalleseize hat by it oanlis ek help nedich fan frywilligers om de kosten leech te hâlden. De tegelpaden moatte der út en it stek moat om it haadfjild wei. Wost graach helpen dat kist die opjaan by Sjoukje fia sjoukje@vandereems.nl