Utferkeap Sneupskuorre

It ienichste winkeltsje wat Easterein noch ryk wie, slút woansdei om goed 12 oere de doarren. It wie in hiel bysûndere winkeltsje want sa wiene  de iepeningstiden ôfhinklik fan de nocht  fan de eigenaar en derneist moast it ek noch moai waar wêze! De sneupskuorre fan Jelle Brouwer en Folkje Visser giet op Keningsdei ticht en sa komt der in ein oan in ryke tradysje fan Jelle en eartiids ek Enno Bruinsma yn de hannel fan twaddehâns guod. Woansdeitemoarn om 09.00 oere hat de eigenaar nocht om de doarren iepen te goaien en at elts der nocht oan hat om it twaddehâns guod fan Jelle en Folkje te keapje, dan soe dat in moaie ôfslúter wéze.

sneupskuorre-2