Tiisdei 26 april
18.30 oere survivaltocht yn de buorren. Start en finish fanôf Skoalleseize. Kom alle dielnimmers oanmoedigjen, jo sjogge se wol gean troch de buorren. Nei ôfrin is de Skoalleseize iepen foar in drankje.
Woansdei 27 april
- 9.00 oere korps giet troch de buorren
- 9.30 oere frijmerke mei ek in optreden fan de Wilhelmini’s (it jeugdkorps)
- 10 oere start it keatsen
- 11 oere klaverjassen
- 11.30 oere berneaktiviteit foar de groepen 1 oantemei 4 (sammelje yn de boarterstún fan’ e Skoalleseize)
- 13.30 oere jeu de boules
- 13.30 oere lytse survivaltocht foar de groepen 5 oantemei 8 (sammelje yn de boarterstún fan’ eSkoalleseize)
- Nei alle aktiviteiten is der natuerlik ek in neisit mei in hapke en in drankje yn de Skoalleseize