08-09-2013 – Stiperdei
Snein 8 septimber wie us jierlikse Stiperdei.
Triatlon

Op tongersdei 5 septimber wie de earste 1/8ste triatlon yn swimbad de klomp yn Wommels. Hjir diene ek Eastereinders oan mei en se hawwe ek noch tige goed prestearre. Durk Jorrit van der Eems wie 2de efter in semiprof. Jim kinne yn dit filmpke noch efkes genietsje fan de triatlon mei op it ein Durk Jorrit oer de […]
Tsjerkepaad 2013

De tsjerken stean yn it Fryske lânskip as beakens fan trou en hâld-fêst. Spitich genôch binne de doarren fan de measte tsjerken faak ticht. Útgeande fan de Ried fan Tsjerken yn Fryslân wurdt sûnt 2004 Tsjerkepaad hâlden, de iepenstelling fan tsjerken op sneon-temiddeis yn de simmer. It is in grut sukses wurden. Der binne no […]
Keatskes: 8-9-2013
Freed wie de slotjûn fan de jongerein (Sjoch ek ûnder foto’s), snein de Stiperpartij en we ha de lêste haadklassewedstriid foar de froulju hân. De…
KFE: Slotjûn jongerein
Slotjûn jeugd KF Easterein In tige slagge middei op de Skoalleseize en it MFT. De jeugd fan de keatsferiening Easterein hie freedtemiddei de lêste…
Slotjûn jeugd KF Easterein

In tige slagge middei op de Skoalleseize en it MFT. De jeugd fan de keatsferiening Easterein hie freedtemiddei de lèste aktiviteit fan it keatsseizoen 2013. De tradysjonele slotjûn. De kabouters en welpen mochten om goed 4 oere begjinne oan in spellerûnte op it fjild oan 6 behindigheidsspultsjes werfan 2 mei wetter. Om healwei seizen patat […]
Utslach 1/8 triathlon

De útslach fan de 1/8 thriathlon van Zwembad de Klomp is bekend. Durk Jorrit van der Eems is twadde wurden yn it tiid fan 1:07:52. Yn ús foarige berjocht hiene we in pear Eastereiners mist. Benijd wa’t dat binne en hoe’t se it dien hawwe? Gau sjen op de site fan De Klomp.
‘Gevonden voorwerpen’ nei de doarpsfeesten

Noch hieltiid lizze der fune foarwerpen bij Gea van Dijk op de Skoallestrjitte 20. Under oaren twa learen jaskes, sjoch de foto’s hjirunder. Mist ek noch wat sunt de doarpsfeesten ein juny? Gean dan efkes bij Gea del. Ien jaske fan it merk Odyssee (maat XL) en de oare fan it merk ICHI (maat M)
Droegte

Ek de sportfjilden fan de Skoalleseize kampen mei droegte. Foarearst binne de oefenwedstriden fan vv SDS troch de wike ôflast. Ek de keatsaktiviteiten binne, foar safier at se der noch binne, ôflast. De fuotbalkompetysje fan vv SDS op sneon en de stiperspartij fan de K.F. Easterein op snein gean noch wol gewoan troch. Ek de slotaktiviteiten foar de […]
Paintparty

Kommende sneon iepent jeugdhonk “de Tsjerne “wer harren doarren foar it kommende winterskoft. Dit kear mei in primeur yn Littenseradiel mei in spektakulaire paintparty ek wol neonsplashparty neamt. By in paintparty komme de besikers yn witte klean. Mei fervekanonnen en fervebazooka’s wurd neonferve op de besikers spuite. Dizze ferve wurd opljochte troch blacklights. Mei dancemusiek […]