Griepprik patienten Dr. Hoepman

Op moandei 4 novimber tusken 17.00 en 18.00 oere kinne de pasjinten fan Dr Hoepman wer in grypprip helje by de praktyk oan de fan Eijsingaleane 10. In grypprip kinne jo helje at jo in hart-, long-, sûker-, as nierpasjint binne, At jo 60+ binne, as pasjinten mei in ferminderde wjerstàn troch bestrieling en/as chemotherapie […]
Oanmelde kream Winterwille: kin dizze wike noch!

Oanmelde foar in kream op de leukste krystmerk fan Easterein en fiere omkriten kin dizze wike noch. Dus hast it noch dien? No fuortdaliks dwaan! Mear ynformaasje? Sjoch op www.winterwille.nl.
Renovatie Clubhuis TV Smash

It Giet Oan! Met unanieme instemming van de 20 aanwezige leden tijdens de Bijzondere Ledenvergadering van vrijdag 11 oktober jl., is het voorstel voor de begroting van grondige renovatie van het clubhuis voor TV Smash aangenomen! Dit betekent dat de projectgroep de volgende fase in kan gaan, en dat is het detailleren van het plan […]
NICSZ yn de Tsjerne

Op sneon 2 novimber sil de band NICSZ wer optrede yn de Tsjerne foar de jeugd fanôf de legere skoalle en belangstellenden oant 80 jier. De band bestiet ùt Klaas (leadgitarist), Sjoerd (drums), Willem (basgitaar) en Sytze (zang,gitaar) en spielje al fanof hun 14 de jier meienoar en is ûnstien tidens de musieklessen op it Marnecollege. Se kombinearje op […]
T-mobyltsje en it wyfke yn Easterein….

De ûntfangst fan T-mobile is ek yn Easterein net altyd bêst…. (mei tank oan Amarins de Haan foar it trochstjoeren fan de link)
KFE: 13-11-2013 Neijiersgearkomste
Bêste minsken, Wy wolle jimme fan herte útnoegje foar de neijiersgearkomste fan Keatsferiening Easterein. Op dizze jûn wolle wy graach mei jimme werom sjen…
Spooktocht Tsjerne súkses

Ôfrûne sneontejûn 26 oktober hat der yn it ramt fan Halloween in spooktocht plakfûn rûnom Easterein. De spooktocht waard organisearre troch de Tsjerne en wie bedoeld foar jong en âld. 9 groepen hiene har opjûn, in totaal fan omtrint 50 dielnimmers in ferskate leeftiden fan 10 tot 30+. It wie in flinke tocht! De start […]
UPDATE: Wa binne de Eastereiners dy’t in goai dogge nei Maestro Wilhelmina?

29 oktober/UPDATE: Gerben Kooistra hat spitigernôch in hernia en kin dêrom net meidwaan. Jetske Santema is ree fûn om syn plakje yn te nimmen. Op snein 3 novimber stride 3 ferneamde Eastereiners om de titel ‘Maestro fan Wilhelmina’. Dit konsert is in idee nei oanlieiding fan it tv- programma ‘Maestro’ fan de AVRO. Tidens […]
Bisto mantelsoarger? Doch mei!

De dei fan de Mantelsoarch fynt alle jierren plak op 10 novimber, dit jier foar de sechtjinde kear. Lanlik wurde der ferskate aktiviteiten organisearre foar Mantelsoargers. Stipepunt Wommels organisearret in noflike middei yn Nij Stapert foar alle mantelsoargers yn de gemeente Littenseradiel op sneon 9 novimber fan 12.30 oant 16.30 oere yn Nij Stapert (Sybren […]
Stoarm yn Easterein

De stoarm is Easterein ek net foarby gien hjoed …. Foar safier’t wy witte gelokkich gjin persoanlike ûngelokken. Hawwe jimme foto’s? Stjoer se nei info@easterein.nl. [gdl_gallery title=”stoarm” width=”IMAGE_SRC” height=”400″ ]