Ôfrûne sneontejûn 26 oktober hat der yn it ramt fan Halloween in spooktocht plakfûn rûnom Easterein. De spooktocht waard organisearre troch de Tsjerne en wie bedoeld foar jong en âld.
9 groepen hiene har opjûn, in totaal fan omtrint 50 dielnimmers in ferskate leeftiden fan 10 tot 30+.
It wie in flinke tocht! De start fûn plak yn de Tsjerne, de dielnimmers waarden allegear ‘ûntfierd’ mei in buske en dêrnei dropt bij de fûgelhut op it Skrok. Fan der ôf moasten sy ferskate aaklike situaasjes trochstean; in zombiepark mei tsjerkhôf op it Skrok, farre mei rûge piraten yn in boatsje oer de Sebearefeart, troch it lân by razende heksen del rinne om dêrnei út te kommen op ‘e pleats by Jaap Hoekstra wer’t de liken oeral en nergens op ‘e dyk leine!
En as wie dat noch net genôch kamen se efter de fuotbal fjilden noch in wylde boskwachter tsjin mei in kettingseage en waarden se bedrige troch tsjustere figueren mei enge maskers en swarte gewaden…
Weromkommend yn ‘e Tsjerne koene de dielnimmers meiïnoar fan ‘e skrik bekomme ûnder it genot fan ‘n hapke en ‘n drankje. Mei alle frywilligers (san 30 man/frou) d’r letter ek noch by is it in tige smûke en slagge jûn wurden, foar herhelling fetber!