Bisto mantelsoarger? Doch mei!

mantelzorgDe dei fan de Mantelsoarch fynt alle jierren plak op 10 novimber, dit jier foar de sechtjinde kear. Lanlik wurde der ferskate aktiviteiten organisearre foar Mantelsoargers. Stipepunt Wommels organisearret in noflike middei yn Nij Stapert foar alle mantelsoargers yn de gemeente Littenseradiel op sneon 9 novimber fan 12.30 oant 16.30 oere yn Nij Stapert (Sybren de Vlasstrjitte 3, Wommels).

Programma

It begjint mei in lunsj, dêrnei is der musyk mei hapkes en sapkes. Fierder is der in kreative workshop. Dizze middei is der fansels genôch gelegenheid om te praten mei de oare mantelsoargers en de frijwilligers fan it Stipepunt (Wommels). It doel fan de dei fan de mantelsoarch is om de minsken dy’t altyd jouwe, soargje en ferpopkje ris te bedjerren en in noflike middei sûnder soarch te jaan. Dizze middei is mooglik makke troch de ferskate ûndernimmers út Wommels en it Stipepunt Wommels.

Oanmelde

Ast meidwaan wolst, kinst dy oanmelde (foar 4 novimber) fia telefoan 06-15016846, of fia e-mail: wommels@stipepunt.nl.