Ekstra kaarten Kening op Sokken

De kaartferkeap fan Kening op Sokken gjit rap! MARRRRRRRRR…… Wy hawwe ekstra plakken kreëarje kinnen en der binne foar alle foarstellings wer kaarten beskikbar! Woansdei 29 maaie 20.00 oere Freed 31 maaie 20.00 oere Sneon 1 juny 20.00 oere Snein 2 juny 16.00 oere Wêz der by! Bestelle kin by Wilma Sjaarda fia info@kfeasterein.nl as 0515-851878. Wy hâlde jim […]
Gep Bakker fynt 1e ljipaai Easterein

Gep Bakker hat op tongersdei 14 maart om goed 16.30 it 1e ljipaai fan de fûgelwacht Easterein fûn. Op de bou fan Hilhorst hie Gep in twake. Dérmei is foar de aaisykers fan Easterein it iepen fjild slúten en begjint foar hun de neisoarch. It 1e jeugdaai fan Easterein is noch net fûn.
Opjefte 6e keatskamp!
Foar de 6e kear sil KF Easterein in keatskamp organisearje foar de kabouters, welpen, pupillen en de skoaljeugd fan ús feriening. It tema is dit…
Fuort Mar Los Jongereintoaniel Easterein spilet: Ronja de Rôversdochter!

Op 29 en 30 maart 2019 binne de úfieringsjûnen fan de jongereinôfdieling fan Toanielselskip Fuort Mar Los. Mei 18 jongereinspilers, twa begelieders en it bestjoer, binne we sûnt oktober oan it repetearjen foar it stik, “Ronja de Rôversdochter”. De bewurking dy’t wy sjen litte sille bliuwt ticht by it oarspronklike klassike ferhaal oer Ronja, dochter […]
Ferdivedaasje op freed: rouwsieraden
Ferdivedaasje op freed over rouwsieraden ging helaas niet door op 1 maart. by de Bibliotheek in Wommels. Gelukkig kunnen we een nieuwe datum prikken: op vrijdag 15 maart komt Ysbrandt van Slooten vertellen over rouwsieraden en de gebruiken die erbij horen. Van 16.00 – 17.30 uur. Over de lezing Meestal zijn de rouwgebruiken en gewoontes mondeling doorgegeven van […]
Ledengearkomst 6 maart 2019
Woansdei 6 maart hie KF Easterein harren jierfergadering foar leden. Hichtepunten wienen u.o. it jierferslach 2018, presintaasje nije webside en update Kening op Sokken. Tidens de…
Kaartferkeap Kening op Sokken: al twa foarstellings útferkocht

It giet rap mei de kaartferkeap foar Kening op Sokken. De foarstellings fan 31 maaie en 1 juny binne útferkocht. Sjoch by it eardere berjocht hoe’st de lêste kaarten bestelle kinst.
Freddy en Pieter sille in boek skriuwe oer Springsteen

Freddy Scheltema en Pieter de Boer binne op syk nei unieke en bysûndere ferhalen oer konserten fan de Amerikaanske sjonger Bruce Springsteen. Dizze ferhalen sille se bundelje yn in in boek dat Freddy skriuwe sil. It idee is betocht ûnder it genot fan in gléske bier. Bruce Springsteen syn earste konsert yn Nederlân wie op […]
Boek oer oerfallers Ljouwerter finzenis 1944 – ek Eastereiner(s) wurde neamd

Hessel de Walle skriuwt in boek oer de oerfallers op de Ljouwerter finzenis an 8 desimber 1944. Yn it boek steane de libbensferhalen fan alle dielnimmende oerfallers. Fan de widze oant it grêf. Heroyk en tragyk. Hessel hat dêrfoar tal fan boarnen brûkt: boeken, argiven, persoanlike papieren en petearen mei neibesteanden. Ien fan de dielnimmers […]
Kaartferkeap Kening op Sokken fan start

Bêste doarpsgenoaten, Moai nijs oer Kening op Sokken! Yn it foarige nûmer hellen wy de kaartferkeap al oan, mar no is dat konkreet! Fanôf no kinne de kaarten besteld wurde fia: info@kfeasterein.nl Wilma Sjaarda, 0515-851878 Noflik Easterein Foarstellings De foarstellings binne op: Woansdei 29 maaie 2019 * 20.00 oere * try-out – EUR 10,00 Freed […]