Hessel de Walle skriuwt in boek oer de oerfallers op de Ljouwerter finzenis an 8 desimber 1944. Yn it boek steane de libbensferhalen fan alle dielnimmende oerfallers. Fan de widze oant it grêf. Heroyk en tragyk.
Hessel hat dêrfoar tal fan boarnen brûkt: boeken, argiven, persoanlike papieren en petearen mei neibesteanden. Ien fan de dielnimmers wie Tjitze van’t Zet, ôfkomstich fan Easterein. Fierder komme yn it boek ek oare minsken út Easterein foar, lykas leden fan de famylje Joustra en Jacob Engelsma.
De skriuwer wol graach minsken belûke by it boek, sadat se eventueel mei oanfollings komme kinne. Foar mear nijs oer it boek, sjoch de Facebookgroep: https://www.facebook.com/groups/2104529743127766/ .