Op 29 en 30 maart 2019 binne de úfieringsjûnen fan de
jongereinôfdieling fan Toanielselskip Fuort Mar Los. Mei 18 jongereinspilers,
twa begelieders en it bestjoer, binne we sûnt oktober oan it repetearjen foar
it stik, “Ronja de Rôversdochter”. De bewurking dy’t wy sjen litte sille bliuwt
ticht by it oarspronklike klassike ferhaal oer Ronja, dochter fan in
rôverhaadman. It ferhaal spilet in pear hûndert jier lyn doe’t der noch
mysterieuze wêzens yn de bosken wennen en der oeral gefaar op de loer lei. It giet
oer libjen en dea gean, wille en fertriet, goed en kwea, leafde en striid . Oer
hoe’t jonge minsken leare moatte fan
âlde minsken en hoe’t âlde minsken leare
kinne fan jonge minsken.
Wy sille jim meinimme nei in lang ferline tiid doe’t it
libben rûch wie en fol gefaar mar mei tema’s dy’t wy hjoed de dei noch altyd
herkenne. We sille foar jim sjonge en dûnsje yn in grut dekor en nije dingen
útprobearje dy’t wy sels ek tige
spannend fine. It belooft in hiel spektakel te wurden!
It is in stik fan Astrid Lindgren en de rezjy en bewurking is yn hannen
fan Theresia Zeinstra mei help fan Ilke van Wermeskerken.
Spilers, rezjy en
bestjoer fan it jongereintoaniel, nûgje jim allegearre fan herte út te kommen
nei ús útfiering fan “Ronja de Rôversdochter”!
De útfieringen binne op freed 29 maart om 19:30 oere en sneon 30 maart om 19:30 oere yn de
seal fan Restaurant Partycentrum Noflik Easterein, Sibadawei 2 te Easterein.
Eltsenien is fan herte wolkom foar in noflike jûn.
De tagong kostet € 5,00 foar folwoeksenen en €3,- foar de bern . Op beide jûnen is der in ferlotting mei moaie prizen.