Bauke de Boer sil oan de slach yn Afrika

Yn oktober sil Bauke nei Tanzania wer hy meiwurkje sil oan it klearmeitsje fan in hûshâld-/ambachtsskoalle foar goed 600 (wees)bern. In grut projekt wat al in 2007 begûn is en (as it goed is) yn oktober 2014 oplevere wurdt. De skoalle stiet yn it gebied Umbwe en leit yn it Kibosho distrikt op de flanken fan […]
Jou dy op foar de Fryske kroechkwis!

ynstjoerd troch Praat mar Frysk Op freed 10 jannewaris organisearret Praat mar Frysk tegearre mei Noflik Easterein in échte Fryske Kroechkwis yn kafee Noflik. Meidwaan? Jou dy mei dyn team (1-6 persoanen) op fia praatmarfrysk@gmail.com en wa wit winne jim de haadpriis! Der is muzyk fan Baba Live, der is bier, der is fris, de […]
Lêste wurk krusing Easterein(12-12-2013)

Moandei en tiisdei wurdt de krusing Van Eysingaleane-Populiereleane yn Easterein ôfmakke. Der moatte allinne noch trije betonnen drompel-eleminten realisearre wurde. Dit sil wol wat ferkearsoerlêst jaan, mar Easterein bliuwt te berikken fanút Wommels en oarsom. Plenning Op moandei 16 desimber wurdt der begûn mei de oanlis fan de earste twa betonnen drompel-eleminten op it krúspunt. […]
Program Martinitsjerke tidens “Winterwille”
It program yn de Martinitsjerke tidens Winterwille sjocht der sa ùt: 15:30 – 16:00 Balt de Vries op it Hardorffoargel 16:45 – 17:15 Bernekoar 18:30 – 19:00 Sebastiaan Schippers op it Hardorffoargel 19:00 – 19:30 Korps Wilhelmina 19:45 – 20:15 Qlassy Der is kofje en tee foar de leafhawwers Tagong fergees
KFE: Haadbestjoer útwreide
Juster kaam de nije foto binnen fan it haadbestjoer fan ús moaie keatsferiening Easterein! Op de foto steane de 7 bestjoersleden en der binne dus…
A.HAK-partij

Op snein 15 desimber is de tradisjonele ôfslùting fan it keatsseizoen yn de sporthal mei de A.HAK-sealkeatspartij foar senioren leden. De opjefte kin oant freed 13 desimber fia opjefte@kfeasterein.nl. Der kinne maximaal 24 dielnimmers oan mei dwaan dus je moatte der wol op e tiid by weze.
Krystkonsert snein 15 desimber om 20.00 oere

Snein 15 desimber om 20.00 oere is er ‘Snein-te- jûn sjongen’ yn tsjerke. Dizze kear sil it konsert yn it teken stean fan Advint en Kryst. Ferneamde advinstferskes en krystferskes sille sjongt wurde, mei oan it oargel Balt de Vries. It ensemble ‘Cantabilé’ út St. Nicolaasga o.l.f. Rinny Pijpker sjongt foar dizze gelegenheid bekinde advent- […]
KFE: 15-des sealkeatsen
Achte leden, Snein 15 desimber om 13.00 oere is der de HAK sealkeatspartij foar senioaren! Opjefte foar tongersdei 20:00 by Jikke of opjefte@kfeasterein.nl …
Foar de Eastereiner Instagrammers: #easterein

Binne jimme wolris aktyf op Instagram? En makkest dan in foto yn of om Easterein? Ast de hashtag Easterein brûkst, komt dyn foto ek op dizze website te stean, yn de rjochterkolom. En foar de minsken dy’t net witte wat in hashtage is: dat is it #. Dus sitst op Instagram: brûk #easterein! Wij binne […]
Stim op Easterein as leukste doarp fan Fryslân!

We binne net hielendal wis oft it wol om Easterein giet (der stiet tenslotte Oosterend), mar stimme kin gjin kwea. En der kinne noch wol wat stimmen by. We steane no ûnderoan en dat kin fansels net. Wy binne dochs gewoan it leukste doarp fan Fryslân!!?? Kom op Eastereiners en oaren dy’t Easterein in waarm […]