Jou dy op foar de Fryske kroechkwis!

WEB-Poster-Flyer-Fryske-Kroechkwisynstjoerd troch Praat mar Frysk

Op freed 10 jannewaris organisearret Praat mar Frysk tegearre mei Noflik Easterein in échte Fryske Kroechkwis yn kafee Noflik. Meidwaan? Jou dy mei dyn team (1-6 persoanen) op fia praatmarfrysk@gmail.com en wa wit winne jim de haadpriis!

Der is muzyk fan Baba Live, der is bier, der is fris, de leukste fragen oer Fryslân en fansels wer in écht Frysk diktee. Diskear foarlêzen troch de ienige echte Freddie Scheltema. De presintaasje is yn hannen fan stand-up comedian Douwe Gerlof Heeringa.

De Fryske Kroechkwis wurdt mei mooglik makke troch Noflik Easterein, Sonnema, Weidenaar en drukkerij Van der Eems. Graach oant freed 10 jannewaris! Wy hoopje dat jim ek meidogge!