Fragment by Noflik Easterein

Sneontejûn is it wer partypoepertime by Noflik Easterein. De band Fragment sil besykje it dak der wér ôf te spyljen. De foarferkeap is al útein set. De kaarten yn de foarferkeap kosje € 10,00 de 2 en by de doar € 10,00 it stik. Seal iepen om 22.00 oere

Ald papier

Moarn is it wer de 2de sneon fan de moanne en hellet Wilhemina fanôf 09.15 it âld papier wer op.

Reach Out yn de Martinitsjerke

Sneintemiddei 13 maart treed it yntertsjerklik gospelkoor Reach Out út Honselersdijk op yn de Martinitsjerke fan Easterein. Dit koor, besteande út san 32 leden, hat in spesjale bân mei koster Andre Vink en  nam de útnoeging fan herte oan om hjir ris te sjongen. De tsjinst begjint om 15.00 oere en wurd organisearre troch de […]

19 maart gymnastiekútfiering ODI

Op sneon 19 maart om goed 09.30 hat de gymnastiekferiening wer har jierlikse gymnastiekútfiering yn de sporthal de Greidhoeke fan Easterein. Op dizze útfiering litte ferskate groepen ûnder lieding fan juf Ellen sjen wat se it ofrûne jier op gymnastiek leard hawwe.

Jongerein te fierljeppen

De measte Eastereiners hawwe it der wol oantinkens oan. Fierljeppe by de fjouwersprong. De feart krekt te breed en as in snoek húskomme. Op nei de mûne en wer werom. De jongerein fan Easterein pakke dit lokkich wer op. Ofrûne snein tôge de bern mei harren pols troch de buorren op nei de Foareker. Dér sieten […]

Jan Nota yn de Tsjerne

Sneontejûn sil Jan Nota in gesellige jûn fersoargje yn jeugdhonk de Tsjerne. Middeis fan 17.00-19.30 earst foar de bern fan geroep 1-8 in bernematinee. Tagong is dér €3,00. Jûns fan 21.00 – 01.00 foar de âldere jongerein. Tagong dér is € 5,00

Oprop om goed om te gean mei grof vuil

Dorpsgenoten, Recentelijk kregen wij weer klachten dat er grofvuil blijft liggen, met name op de hoek van de Stittenserleane en It kleaster. Om dit te voorkomen zetten hier nog even op een rijtje hoe het werkt met grofvuil bij de gemeente/Omrin. Aanmelden Aanmelden kan via www.omrin.nl of telefoonnummer (0900) 2100215. U kunt uw huisvuil ook […]

Doch it foar dyn doarp en klup!

Oan alle ynwenners fan Easterein, Sa’t jimme witte is der fan út doarpsbelang Hald Feasje yn 2014 in enerzjy koöperaasje oprjochte: Griene Enerzjy Koöperaasje Easterein. www.geke-easterein.nl Wat wolle wij dêrmei? GEKE hat as doel it befoarderjen fan de leefberens en duorsumens yn Easterein. Mar hoe wurket dat dan?  GEKE  is ‘wederverkoper’ fan stroom en gas […]

Keatskamp nummer 3!

It is tiid om jim op de hichte te bringen fan de tuskenstân fan it KF keatskamp. De tariedingen binnen ynmiddels yn folle gong. Der leit yntusken in machtich moai tema fêst mei leuke ideeën om it kamp te iepenjen. Dêrneist binne der ek nije ideeën foar it rekreaasjeprogramma en.. der sit in ferrassing oan […]

Fuort mar los: In gekkehûs yn it sikehûs op 18 en 19 maart

Toanielferiening ‘Fuort mar los’ út Easterein spilet dit jier ” IN GEKKEHÛS YN’ T SIKEHÛS “. In blijspul skreaun troch Wilma Renes-Leertouwer (oersetting Gurbe Dijkstra). De útfieringen binne op freed 18 maart om 19:00 oere en sneon 19 maart om 20:00 oere yn de toanielseal fan Restaurant Partycentrum Noflik Easterein, Sibadawei 2 te Easterein. Eltsenien […]