De measte Eastereiners hawwe it der wol oantinkens oan. Fierljeppe by de fjouwersprong. De feart krekt te breed en as in snoek húskomme. Op nei de mûne en wer werom. De jongerein fan Easterein pakke dit lokkich wer op. Ofrûne snein tôge de bern mei harren pols troch de buorren op nei de Foareker. Dér sieten ek pakesizzers fan Henk Bootsma by en die hat dér geweldiche plaatjes fan sketten. Jim kinne die foto’s hjirûnder besjen.