Klear foar de Slachtemarathon??

Noch 2 dagen en dan is it safier. Nei moannen fan oefenje en tarieding kinne we sneon los. In handsjefol toppers sil dizze tocht oer 42 km fan Easterbierrum nei Raerd drafe. Dernest binne der sán 90 Eastereinders dy’t de tocht rinne sille en binne der in 100-tal minsken dy’t meiwurkje  yn de foarm fan toniel spylje, […]

Fûgelwacht Easterein

De fûgelwacht Easterein hat san 60 hokjes yn Easterein hingje foar ferskate fûgeltsjes. Sa hinget der yn it lykenhofke in spjochtekast en op de Wynserdyk in kastke fan de beamkrûper. It gruste oantal is dochs fan de koolmees as pimpelmees. Der binne ek minsken dyý sels fûgelhúskes yn de tún ophingje en der binne ek […]

29-05-2016 – 38ste Okkemapartij

Yn grutte parten fan it lân min waar mei hagel –en tongerbuien mar lokkich yn Easterein prachtich waar mei it sintsje der de hiele dei…

Keatskes: 29-05-2016

De freeds in grutte jeugdfederaasjepartij yn Drylts mei 113 keatsers. Op de sneins de 38ste (!) Okkemapartij, foar alle federaasjes iepen stelt. In moai keatswykein…

Kom nei Wommels

Kommende snein 29 maaie binne der ferskate aktiviteiten op en rûn de Terp yn Wommels. Sa begjint dér om 13.00 oere oant 18.00 oere de bradery en is der muziek en toniel op it podium fan Terplûden. Ek is der in wandeltocht fan 6 km, 16 km en 26 km.  Se riede op de site oan om yn […]

38 ste Okkemapartij

Kommende snein 29 maaie wurd op it keatsfjild fan  KF Easterein de 38 ste Okkemapartij ferkeatst. It is dermei ien fan de âldste federaasjepartijen fan de federaasje Snits. De Okkemapartij is in frije formaasje federaasjepartij foar senioren en is no tagonklik  foar alle federaasjes fan Fryslân. Opjefte kin oant freed 27 maaie 20.00 oere fia opjefte@kfeasterein.nl

Ek SDS E1 kampioen

It giet mar bést bij vv SDS mei it oantal teams dat kampioen wurden is. Ofrûne sneon is ek it team fan E1 kampioen wurden. Nei de hiele foarjierskompetysje op it 2de plak stûn te hawwen, helle se op de léste sneon it kampioenskip binnen troch gelyk te spyljen tsjin ONS BOSO Sneek. (foto: vv […]

Keatskes: 22-05-2016

De sêftebal PC yn Frjentsjer mei mar leafst 60 partoeren en dienen der Eastereinders mei? Sukses yn de 1e klasse manlju foar it frije formaasje-…

Slotconcert Blazersklas 23 mei 19:00 uur

Op maandagavond 23 mei om 19:00 uur geeft de Blazersklas (groep 5 van De Foareker) een afsluitend concert in De Skoalleseize. De leerlingen van groep 5 hebben sinds januari allemaal een instrument van Wilhelmina in bruikleen. Ze krijgen elke woensdag op school muziekles van Andries Kramer. Als afsluiter willen ze graag laten horen wat ze […]

Nijs fan de túnbouwferiening Easterein: griente foar it doarp

It seizoen om te siedzjen en te plantsjen is wer begongen en we rekkenje wer op in goede opbringst. Mar it komt ek wol foar dat der in soad griente tagelyk klear is. No hiene we betocht: is der griente oer dit op in tafel te lizzen foar de Eastereinders dy’t wat farske griente fan […]