38 ste Okkemapartij

Kommende snein 29 maaie wurd op it keatsfjild fan  KF Easterein de 38 ste Okkemapartij ferkeatst. It is dermei ien fan de âldste federaasjepartijen fan de federaasje Snits. De Okkemapartij is in frije formaasje federaasjepartij foar senioren en is no tagonklik  foar alle federaasjes fan Fryslân. Opjefte kin oant freed 27 maaie 20.00 oere fia opjefte@kfeasterein.nl