Snein installaasjebedrieuw DE JONG-partij KF Easterein

Kommende snein 28 augustus om 11.00 oere is de slotwedstriid foar senioren fan de KF Easterein. Opjefte foar dizze wedstriid is oant freedtejûn 20.00 oere. Nei dizze ledenpartij sil der ek in BBQ fersoarge wurde foar leden, net-leden, oanhang, bern, bernsbern ensh. . Ek hjirfoar opjaan fia opjefte@kfeasterein.nl Ynlis keatsen + 2 konsumpsjes + BBQ: € 10,- […]
KFE: Ofsluting seizoen 2016
5 Eastereiner froulje op PC yn Weidum

Op Woansdei 24 augustus sille 5 Eastereiner froulje besykje om op it heegste podium te kommen op de 4o ste dames PC yn Weidum. Imke van der Leest, Tineke Dijkstra, Martina Tiemersma, Sietske Okkema en Marije Hiemstra moatte mei temperaturen dyt oprinne ta boppe de 30 graden harren holle koel hâlde. We winskje de froulje […]
Frouljus PC 2016
40ste Frouljus PC Woansdei giet it der hyt oan ta yn Weidum! Fansels doele wy dan op it waar dat it wol 30 graden…
20-08-2016 – Nachtkeatsen senioaren
Under goede waarsomstannichheden is d’r juster wer nachtkeatst. Buienradar liet wat oars sjen mar lokkich kaam dat net út en begie it pas letter yn…
Fjild en seal klear foar it nije seizoen

Ofrûne woansdei is de léste hân lein oan it prachtige nije keunstgérsfjild op it Skoalleseizeterrein. De gug-outs binne pleatst en de nije goalen binne der delsetten. In plaatsje om te sjen. De earste ploegen hawwe der al op fuotballe. Net allinich in nij fjild foar SDS op it fjild mar ek foar de sealfuotballers fan SDS […]
Keatskes: 21-08-2016
We hiene it nachtkeatsen yn Easterein op sneontejûn en yn Akkrum wie hast tradisjoneel de wiete generale foar de Frouljus PC. Woansdei giet dat los…
Keatskes: 14-08-2016
Freule 2016 De Freule is west en geande de dei net folle spannende partijen, mar de finale makke alles goed. Menaem in moaie en terjochte…
07-08-2016 – KNKB Skoalfamkes A+B
A klasse skoalfamkes 07-08-2016 Easterein Under omstannichheden fan rein, sinne, hurde wyn en spitigernôch in blessuere hiene we genôch by it ein op dizze…
Oargelkonsert troch Sander van Marion

Tongerdsdeitejûn om 20.oo oere sil Sander van Marion in oargelkonsert jaan yn de Martinitsjerke fan Easterein. Sander van Marion is 60 jier ferlyn begûn oan syn musikale wrâldreis en hy wol graach syn oantinkens mei jim diele. It konsert begjint om 20.00 oere