Snein installaasjebedrieuw DE JONG-partij KF Easterein

Kommende snein 28 augustus om 11.00 oere is de slotwedstriid foar senioren fan de KF Easterein.  Opjefte foar dizze wedstriid is oant freedtejûn 20.00 oere. Nei dizze ledenpartij sil der ek in BBQ fersoarge wurde foar leden, net-leden, oanhang, bern, bernsbern ensh. . Ek hjirfoar opjaan fia opjefte@kfeasterein.nl

Ynlis keatsen + 2 konsumpsjes + BBQ: € 10,-

Allinnich BBQ: € 5,- (ekskl. drinken)

Allinnich keatse + 2 konsumpsjes: € 5,-

Bern o/m 12 jier BBQ: € 1,- (ekskl. drinken)

Muziek wurd fersoarge troch DJ Jan Bauke Bouma