Op 16 july 2012 hat de gemeenteried fan littenseradiel besletten de petearen oer de takomst fan Littenseriel oer in moglike fúzje mei súd-west en ljouwert foart te setten. De gemeente fynt it tige wichtich dat de ynwenners fan Littenseradiel wiidweidich de kâns krije om harren miening oer in moglike fúzje te dielen.
Op woansdei 30 jannewaris mei Easterein harren útsprekke oer de fúzje fan Littenseradiel mei súd-west. De miening fan ferskate doarpen is al frege en it docht wol bliken dat der alle kearen ek in grut tal minsken tsjin weryndieling is. De ynwenners fan Jorwert fiele mear foar it Ten Boer-model. Dizze gemeente yn de provinsje Grins hat in gearwurkingsferbân mei de sted Grins mei behâld fan harren eigen identiteit. De jûn begjint om 20.00 oere en is yn de grutte seal fan Noflik Easterein